Frysk op 'e kaart

8 mei 2019

Undernimme yn in ûnderskiedende regio mei in sterke eigen identiteit en klanten dy’t neist it Nederlânsk likegoed de Fryske taal brûke. In oantal ûndernimmers yn Fryslân dogge der al har foardiel mei. Sy brûke harren Fryske identiteit as middel om minsken oan harren te binen en harren netwurk te fergrutsjen.

Undernimme yn in ûnderskiedende regio mei in sterke eigen identiteit en klanten dy’t neist it Nederlânsk likegoed de Fryske taal brûke. In oantal ûndernimmers yn Fryslân dogge der al har foardiel mei. Sy brûke harren Fryske identiteit as middel om minsken oan harren te binen en harren netwurk te fergrutsjen.

Dochs hoecht men om it Frysk-eigene te wurdearjen net út Fryslân te kommen. Foar net-Friezen is it Frysk-eigene ek in goede klantenbiner. Sa hat Post Plaza der bygelyks foar keazen om harren te profilearjen as Frysk bedriuw mei in lokale bining. It Frysk is goed sichtber yn harren Grand Café, mar ek op de hotelkeamers en yn de keuken: der wurdt folop wurke mei Fryske streekprodukten. De gasten dy’t foaral fan bûten Fryslân komme fine it nijsgjirrich en probearje moarns by it bôle-iten de Fryske wurden dy’t op de ûnderlizzers steane út te sprekken.

Afûk stimulearret mei de kampanje Praat mar Frysk it brûken fan de Fryske taal yn bedriuw. Fia Twitter, LinkedIn en e-mail kinne bedriuwen advys freegje, meitinke oer Fryske media-uteringen en gebrûk meitsje fan de stimmebank. Sjoch foar mear ynformaasje op  https://afuk.frl/op-it-wurk-praat-mar-frysk-ek-op-it-wurk/frysk-foar-bedriuwen/. Tagelyk rekommendearret it Fryske regiobestjoer fan Keninklike Horeka Nederlân spesjaal oan om de menukaarten - op it lêst in foarnaam úthingboerd fan restaurants - te ferfryskjen. De Afûk kin oanbiedings dwaan foar maatwurk, om't der fansels grutte ferskillen binne yn menukaarten en de winsken fan de ûndernimmer fariearje kinne fan it betinken fan orizjinele Fryske nammen foar de gerjochten oant it oersetten fan de hiele kaart om dy ientalich (mei sa nedich gastfrije útlis derby fan de ober) of krekt meartalich oan te bieden. Boppedat jout de Ried fan de Fryske Beweging publisiteit oan dit inisjatyf, ûnder oaren fia de Frysktalige nijswebside https://www.itnijs.frl/ en byhearrende sosjale media. Sjoch foar mear ynformaasje op https://afuk.frl/kinne-wy-jo-helpe/, of nim kontakt op mei de Afûk fia ynfo@afuk.nl.

Terug