Fryske berne-menu placemats in gearwurking mei Afûk en de Gemeente.

Yn de kommende moannen kinne we nei alle gedachten ek wer in soad besikers ferwachtsje út de eigen provinsje en fan dêrbûten. Hoe aardich soe it wêze as wy harren oan de hân fan it berne-menu bern yn de kunde komme litte mei it Frysk én it rike taalferskaat fan Fryslân. Dêrom yntrodusearje wy mei koarten in oanbod foar restaurants besteande út in placemat fol spultsjes en it meartalige lêsboekje ‘Iis foar Eef’. Hjirûnder fine jo in lytse omskriuwing en de taheakke bestannen jouwe in lyts foarpriuwke.

Oer de placemat

Allerhande meartalige spultsjes soarge dat wachtsjen moai wurk wurd. De placemat is folslein Frysk-, of dûbeltalich, mar biedt ek in 'Hoe sis ik yn it ...?' mei sinnen yn it Nederlânsk keppele oan it Frysk (en eventueel de regionale streektaal).

Tagelyk biedt de placemat ek romte oan de ûndernimmers in yn twa blokken ynformaasje te dielen oer it restaurant.

Oer it lêsboekje ‘Iis foar Eef’

Eef en har freonen sille omke Meindert helpe yn syn restaurant, mar oft dat hielendal goed giet?!

Oan it begjin fan it boekje komme lêzers koart yn de kunde mei meartalich Fryslân. Dêrnei begjint it avontuer foar Eef en har freonen. Yn de midden fan it boekje wurdt it ferhaal koart ûnderbrutsen. Dit is nammentlik it plak foar in sykplaat. Dêrmei wurde ferskate restaurantbegrippen meartalich by de bern yntrodusearre. Tagelyk soarget it der ek foar dat it Frysk (en eventueel de regionale streektaal) tagonklik oanbean wurdt foar harren dy’t de talen net machtich binne. Sa binne de produkten foar sawol Frysk-, Biltsk-, Dokkumer- en Franekertaligen oansprekkend, mar ek hiel nijsgjirrich foar bgl. toeristen fan bûten de provinsje, dy’t net bekend binne mei dizze talen.

Bestelle = fergees

Mei tank oan de gemeenten Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân, Waadhoeke en Tytsjerksteradiel kinne wy fan de Afûk út jo de earste bestelling fergees oanbiede. De earste gratis bestelling kinne jo trochjaan oant uterlik freed 25 juny fia dizze link.

Presintaasje en levering

Fan 7 oant en mei 9 july sille wy de bestellingen besoargje. Fan 9 july ôf kinne de berne-menu’s dan oanbean wurde mei in placemat en lêsboekje fan Keimpe de Krokodil.

Direct advies nodig?

We zijn ma t/m vr van 9.30 tot 16.00 uur telefonisch bereikbaar op 0348 48 94 89. Je kunt ook mailen naar info@khn.nl of je vraag stellen via het contactformulier.

Liever uitgebreider en persoonlijk contact? Maak dan een afspraak voor een online adviesgesprek via dit formulier.

Contactgegevens